It tweetgedrach fan @lwd2018

Standard

Troch Lysbeth Jongbloed

Der is de ôfrûne dagen flink wat diskusjearre oer myn ûndersyk nei it tweetgedrach fan @lwd2018. Yn dizze bloch de wichtichste útkomsten.

Yn it bidbook ‘Iepen Mienskip’ wiene de Fryske taal en de mienskip twa trochslachjaande eleminten foar de sjuery om yn 2013 Ljouwert-Fryslân te selektearjen ta Europeeske Kulturele Haadstêd foar 2018. Yn it bidbook wurdt oanjûn dat de Kulturele Haadstêd ynsette sil op trijetaligens en dat de Fryske taal fan grutte wearde is foar de oanfraach.

Wy binne no in pear jier fierder en ik freegje my ôf hoefier’t de meartaligens- en mienskipskomponint troch de Kulturele Haadstêd (@lwd2018) op Twitter droegen wurdt. Want ek al is yntusken in grut gedielte fan it webstee yn it Frysk beskikber, de yn 2015 hûs-oan-hûs fersprate krante oer de Kulturele Haadstêd wie kompleet yn it Nederlânsk (útsein 28 kear it wurd mienskip) en ek yn fakatueres is it ferstean, praten of skriuwen van de Fryske taal gjin fereaske. Om in antwurd jaan te kinnen op myn ûndersyksfraach haw ik fan jannewaris oant en mei septimber 2016 sjoen nei de taal fan tweets, it ûnderwerp en de ôfstjoerders fan tweets dy’t troch @lwd2018 retweete binne.

De timeline fan @lwd2018

Fan de orizjinele tweets fan @lwd2018 binne  92% yn it Nederlânsk, 3% yn it Ingelsk, 3% mongen Nederlânsk-Ingelsk, 1% yn it Frysk en 1% sûnder taal of yn in oare taal. Fanút de organisaasje sels wurdt der op Twitter dus praktysk gjin Frysk brûkt. Ek tweets dy’t gean oer gearkomsten om mei de mienskip te praten yn bygelyks Holwert of Dokkum, of projekten dy’t draaie om minderheidstalen lykas Lân fan Taal, binne yn it Nederlânsk. Ien fan de sparsume Fryske tweets is ferstjoerd op de dei fan de memmetaal wannear’t in Baskyske film mei Fryske ûndertitels fertoand wurdt.

Ek it grutste gedielte fan de tweets dy’t troch @lwd2018 sûnder taheaksels retweete binne, is yn it Nederlânsk (78%). Fierder is 15% yn it Ingelsk, 4% yn it Frysk, 2% yn mear as ien taal (Nederlânsk, Frysk en/of Ingelsk) en 2% yn oare talen.

tweet-3

De tweets út de mienskip

Fan jannewaris oant en mei septimber 2016 binne der sa’n 1.500 tweets ferstjoerd dêr’t lwd2018, @lwd2018, #lwd2018 en #kh2018 yn foarkomme. Yn in kwart fan dy tweets litte minsken harren negatyf út oer de Kulturele Haadstêd, lykas negative finansjele konsekwinsjes of de organisaasje sels, mar it grutste part fan de tweets (sa’n 75%) is neutraal of posityf. Fan de bestudearre tweets is 83% yn it Nederlânsk, 8% yn it Ingelsk, 6% yn it Frysk, en yn 2% fan de tweets wurdt der mear as ien taal brûkt.

Ûnderwerpen fan de tweets

Om’t mienskip it sintrale tema wie fan it bidbook, haw ik ek sjoen nei de ûnderwerpen fan de tweets op de timeline fan @lwd2018. As it giet om selsskreaune tweets giet 24% fan de tweets oer de projekten lykas 11fountains of Farm of the World. Ek wurdt der in soad skreaun oer eveneminten dy’t yn 2016 plakfine (20%). @lwd2018 twitteret lykwols ek in soad oer de mienskip: 14% fan de tweets giet oer inisjativen út de mienskip wei en 8% oer aktiviteiten of oproppen om de mienskip by de Kulturele Haadstêd te belûken.

Ek yn de retweets giet it yn 24% fan de tweets oer projekten, mar ek dêr komme in soad tweets foar (14%) oer aktiviteiten dy’t troch de Kulturele Haadstêd organisearre wurde om de mienskip derby te belûken. Fierder wurde der ek regelmjittich tweets retweete troch @lwd2018 oer toerisme (13%), eveneminten yn 2016 (12%) en de oare Europeeske Kulturele Haadstêden (12%).

Wa wurdt der retweete

Troch it brûken fan hashtags (bygelyks de #Frysk of #kh2018) en organisaasjes of minsken te taggen (bygelyks @lwd2018) yn in tweet, kin in tweet in grut berik krije, en ek ûnder de eagen komme fan twitterders dy’t dy gewoanwei net folgje. Dêrtroch is Twitter tige geskikt om in platfoarm te bieden oan de gewoane man, de mienskip. Ik wie dus ek benijd wa’t de ôfstjoerders wienen fan de tweets dy’t troch @lwd2018 retweete binne: biedt @lwd2018 de mienskip in poadium, of retweetsje se benammen tweets fan de usual suspects lykas bekende Friezen, politisy en projektlieders fan KH2018 projekten.

It docht bliken dat mar 4% fan de retweets ôfkomstich is fan de gewoane boarger en 10x safolle (44%) fan de elite. Fierder retweetet @lwd2018 in soad fan de ferskate projekten (13%), fan kommersjele partijen (11%), fan de media (9%) en kulturele ynstânsjes (9%).

Konklúzjes

Yn de tweets fan @lwd2018 komt de mienskip regelmjittich werom, sawol as de Kulturele Haadstêd nei de mienskip ta as ek inisjativen fanút de mienskip sels. De timeline fan @LWD2018 lit lykwols de elite prate en net de mienskip sels. Der binne hast gjin retweets fan wat de gewoane boargers fan Fryslân te sizzen hawwe.

As it giet om taalkar, dan is der wis en seker gjin sprake fan in lykweardich trijetalich belied. It Nederlânsk wurdt fierwei it measte brûkt en it Frysk hast net. De trijtalige situaasje en it belied dat yn it bidbook tasein is, liket in keazen ‘frame’ west te hawwen om te winnen. Jo kinne dat fergelykje mei stammen yn Afrika dy’t harsels optúgje foar toeristen en sadree’t de taskôgers fuortbinne, gau de spikerbroek wer oanlûke. Ljouwert-Fryslân 2018 is yn it bidbook delset as in evenemint dêr’t de meartaligens fan de mienskip in hiel wichtich plak ynnimme sil. Sadree’t de taskôgers (sjuery) lykwols fuortbinne, hâlde se it gewoanwei wer by it Nederlânsk. Leonie Cornips seit ek dat minderheidstalen in ekonomyske wearde hawwe, en dat se belangryk binne yn de toeristeyndustry en om produkten te promoaten. It liket der dus op dat de wichtige rol fan it Frysk yn it bidbook keazen is om mear kâns te meitsjen op de titel: Eindhoven en Maastricht hawwe op dit mêd fansels minder te bieden.

By de Kulturele Haadstêd fan 2016, Donostia/San Sebastian 2016, spilet de minderheidstaal Baskysk wol in promininter rol. @lwd2018 soe dêr in foarbyld oan nimme kinne. Hja twitterje bygelyks twatalich: alle tweets binne sawol yn it Baskysk as yn it Spaansk. Ek wurde der in soad Baskyske tweets retweete.

tweet-2

Dat it Frysk anno 2016 net mear brûkt wurdt, is neffens my in miste kâns. It is noch gjin 2018, dus ik hoopje mei myn ûndersyk de Kulturele Haadstêd oantrune te kinnen om it Frysk mear te brûken en net allinnich ‘fuort te stopjen’ yn in pear projekten. Sjoen de reaksjes fan de ôfrûne dagen haw ik dêr alle betrouwen yn.

tweet-4

Yn ‘e media

Artikel Leeuwarder Courant

Nijs en radio-interview Omrop Fryslân

Reaksje deputearre Sietske Poepjes op konklúzjes ûndersyk

One thought on “It tweetgedrach fan @lwd2018

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Google photo

You are commenting using your Google account. Log Out /  Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s