De kâlde wrâld yn in wettersieder

Standard

Gastbloch troch Sigrid Kingma

Soenen der in soad minsken nei it heljen fan in masterbul tinke: wat ha ik no eins berikt? Ik bin Nearlandika mei in spesjalisaasje yn letterkunde, mar dêr keapje ik oant no ta neat foar. De minor neurolinguistyk hat my ek gjin wurk opsmiten. No wol ik net beweare dat wat ik leard ha folslein nutteleas is. It hat mear te krijen mei de tiid dy’t net sa geunstich is foar alfawittenskippen en foar kultuer yn it algemien. De bachelor Frysk die ik der foar de aardichheid by. Dat hat my oant no ta it measte brocht, mar likegoed gjin WO-funksje.

My waard frege om in gastbloch te skriuwen foar de AyO-tún oer wat ik nei myn ôfstudearjen dien ha. In warskôging foarôf is op syn plak: it earste jier wie it net sa’n fleurich ferhaal. Faaks is it herkenber foar in soad minsken dy’t de ôfrûne jierren ôfstudearre binne. Ik bin net wurden wat ik foar eagen hie. De Edukative Master dy’t ik twa kear besocht ha, wie in brêge te fier. Mei troch myn sykteferline wie it te dreech om tagelyk les te jaan en kolleezje te folgjen. Doe’t ik net yn it ûnderwiis trochkoe, bleaunen foar my yn it earste plak de wittenskip en de skriuwerij oer.

No bin ik net ien dy’t in soad mei jild ophat, mar it begûn wat in probleem te wurden. Ik hie al in iepening yn de poëzij en by de krante. De foardrachten wienen moai om te dwaan en it smiet út en troch wat op, mar as je der fan libje moatte, dan moatte je twa of trije kear yn de wike op in poadium stean. Ik woe der graach workshops en kursussen by jaan, mar om dat fan de grûn te krijen moast ik earst foar finansjele stabiliteit soargje. Bystân wie eins myn eare te nei. Op it wittenskiplik mêd hie ik ek al wat dien, lykas in lêzing foar Sirkwy Sympoasium, mar in oanstelling by in wittenskiplik ynstitút koe ik oant no ta net klearkrije.

Doe’t der in fakatuere kaam foar FAME! by de Akademy, wie dat krekt de finansjele oanfolling dy’t ik nedich hie, al wie it mar foar in pear moannen. Doe’t dat yn oktober ôfrûn, bin ik mei lytse putsjes de winter trochkaam, lykas it gearstallen fan de bibliografy fan Anthony Feitsma. Ik koe oanspraak meitsje op in debutantebeurs en sadwaande koe ik mysels rêde tanksy myn earste dichtbondel. Yn maaie fan dit jier wie de bondelpresintaasje fan Reade triedleas/Red wireless en de earste printinge is yntiid al útferkocht. Dêrnei koe ik wer begjinne oan de Akademy, diskear foar twa jier op in histoarysk projekt fan HISGIS.

Reade triedleas_red wireless.png

No’t ik finansjeel dutsen bin, kin ik  dêrneist moaie dingen oppakke. De foarstelling Wachten op de liefde wie in prachtich projekt dêr’t moderne dûns en poëzij by mekoar kamen. De opfiering yn it Ljouwerter bosk wie tige súksesfol en krijt faaks in ferfolch op Oerol. Mei ien fan de dûnsers set ik in workshop op dêr’t we dûnsjen en dichtsjen yn kombinearje. De dichtbondel jout my de nedige publisiteit foar it fierder útbouwen fan it dichtsjen. Ik bin oan it bloggen slein en ha dêr in soad wille fan. Yn earste ynstânsje wie it opset foar de biografy fan Diet Huber dy’t ik skriuwe sil, mar it is folle mear wurden. It sneupen yn de argiven fan Diet Huber is moai wurk. Dat kin ik sa trije jier dwaan. Ik hie der wol op promovearje wollen, mar dêr is it de tiid net neffens. No doch ik it yn myn eigen tiid.

De Akademy is in wurkplak dat foar rêst soarget. Sa’t in pear kollega’s al opmurken ha, rin ik gauris op sokken, in teken dat ik my thúsfiel. Ik leau dat de minsken dy’t der no sitte de Akademy echt foarúthelpe kinne. Der is genôch te ferbetterjen en it is moai dat in soad minsken dêr oan meiwurkje wolle. Ik mei sels ek graach meitinke en binnen HISGIS wurdt dat gelokkich wurdearre. Dat begjint mei lytse dingen. Sa ha ik in kreative oplossing betocht foar it probleem fan it lege plafond en de hege drompel op de souder dêr’t in soad minsken de holle of de teannen stjitte. Myn útstel foar in trepgedicht as warskôgingsboerd is posityf ûntfongen, dat ik hoopje meikoarten in pear fan myn rigels op de muorren werom te sjen. Foarearst komt it skriuwen aardich fan de grûn. De wittenskip is noch ûnwis, mar wa wit wat de takomst oan fakatueres bringt.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Google photo

You are commenting using your Google account. Log Out /  Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s